Problemen gemaal Teridzert troch hurde wyn en rein; ekstra pomp ynset

Rein en hurde wyn soargje foar problemen by it gemaal yn Teridzert. It Wetterskip kriget dêr it wetter net fuort. Ien fan de pompen is yn ûnderhâld, dêrtroch is der ien pomp minder. Wetterpompbedriuw Van Heck is der no mei in grutte needpomp nei ta.
Earste materiaal wetterpompbedriuw Ven Heck komt oan yn Teridzert © Omrop Fryslân
Om de wynrjochting, de rein en de hurde wyn dy't foarsein is, wol It Wetterskip der in pomp by ha. Oars krije se it wetter net fuort. "Vannacht als het rustig is, dan gaan we de pomp zetten. Deze grote pomp kan 2000 liter water per seconde wegpompen", seit Jeroen van Heck fan it pompebedriuw Van Heck.
Direkteur Jeroen van Heck fan it pompebedriuw Van Heck