Gjin nije kontinue dioksine-mjitting yn de REC yn Harns

11 mrt 2019 - 18:03

Der komt net in nije kontinue dioksine-mjitting yn de piip fan de ôffaloven yn Harns. Dat hawwe de Fryske gemeentes, de oandielhâlders fan Omrin, moandei besletten. It wie in grutte winsk fan de oandielhâlders, nei it grutte tal steuringen fan de REC foarich jier. Nei in steuring wurdt de oven útsetten. En just by it út- en oansetten fan de ôffaloven komme der hegere konsintraasje dioksine út de piip.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dat betsjut net dat der neat barre sil. Der sil no nei elke steuring wat dien wurde mei de biomonitoaring. Dat is in ûndersyk dat al bestiet. Yn de omjouwing steane bakken mei gers en gewaaksen sa as boerekoal of spinaazje. Ien kear yn de safolle tiid wurdt dit ûndersocht op skealike stoffen. Dat barde noch net nei in steuring, mar sil fan no ôf wol barre. Binnen twa wiken komt hjir dan útslach fan.

Harry Boon, wethâlder fan de gemeente Harns hat in dûbeld gefoel by it beslút. "We hadden het liefst gezien dat er nog een jaar continu in de pijp zou worden gemeten. Aan de andere kant is het zo dat je vooral wilt weten wat er gebeurt na een storing."

Ferbettertrajekt

Troch in grutte steuring yn oktober 2015, wêrby't mear dioksine frijkaam as gebrûklik, is der in ferbettertrajekt fan de REC opsetten. Sa is der trije jier lang kontinu de dioksine mjitten yn de piip. Dit is sûnt jannewaris 2018 stopsetten. De ôffaloven is op basis fan dizze tydlike mjittingen ferbettere.

Foarich jier wiene der ferskate steuringen yn de tsjettel fan de REC. Sa ûntstie de rop om de kontinue dioksine mjitting wer yn te fieren. Yntusken docht Omrin der ek alles oan om steuringen yn de takomst foar te kommen. De ôffaloven is op it stuit sân wiken ticht foar in grutte reparaasje yn de tsjettel.

Foto: twitter @afvalovennee

Akút kommunisearje

Neffens wethâlder Boon moat der noch wol ien hiel wichtich punt oplost wurde. "Als je de storing van begin oktober neemt, toen ging er een hele wolk over de stad heen. Hoe communiceer je dan? Achteraf bleek dat er geen gevaar voor de volksgezondheid was, maar dat weet je op dat moment niet. De kunst is nu te bedenken hoe je dan acuut naar de bevolking kunt communiceren." Dit moat no noch fierder útwurke wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)