Wellebrêge yn rûnwei klear

02 jul 2012 - 12:17

By Wâldsein is moandei de nije Wellebrêge yn de rûnwei offisjeel iepene. Dy wie njoggen moanne letter klear om't provinsje en oannimmer ferskillend tochten oer de betochte konstruksje. It wie dreech om de skeane pylders fan de brêge te meitsjen. De brêge giet mei in bocht oer de Welle, dat wie dreech. Yn it doarp is men tefreden mei de nije brêge reagearre. Alle ferkear út Balk en Spannenburch nei Snits moat oer ien rotonde.

Doarpsbelang Wâldsein wol dat der noch in kuierpaad komt. Der komt in tinkstien mei ynformaasje oer de âlde brêge.

Dy âlde brêge is yn de 19de ieu oanlein yn de strjitwei fan Snits nei De Lemmer, mar is no oerstallich wurden. De sloop is al yn folle gong.

(Advertinsje)
(Advertinsje)