Wedstriid fan de wike: WK para-cycling mei twa Fryske dielnimmers

11 mrt 2019 - 17:20

Oan it WK para-cycling yn Apeldoorn dogge twa Friezen mei: Alyda Norbruis fan Oerterp en Tristan Bangma fan Donkerbroek. It wrâldkampioenskip wurdt hâlden fan freed oant en mei snein. Norbruis rydt allinne freed en Bangma alle dagen. It is de wedstriid fan de wike by Omrop Fryslân.

"It is foar Bangma en Norbruis it wichtichste toernoai fan it seizoen en dat it yn eigen lân is, makket it noch moaier. Se wolle weromkomme yn Fryslân mei wrâldtitels", leit sportferslachjouwer Andor Faber út.

Omrop Fryslân is freed by de wedstriden.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)