Fjouwer minsken yn Ljouwert oanholden om drugshannel

11 mrt 2019 - 17:09

De plysje fan Ljouwert hat fjouwer minsken oanholden op fertinking fan drugshannel. De fjouwer fertochten, tusken de 21 en 24 jier, binne oanholden oan de Vletstrjitte yn de Skepenbuert.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Sy hiene heroïne, kokaïne en hûnderten euro's oan kontant jild by harren. By de hûssiking waard ek noch kokaïne oantroffen.

Trefwurden: 
Ljouwert drugshannel
(advertinsje)
(advertinsje)