Jongeren en Fryske memes: 'match berne yn 'e himel'

Friezen binne it meast grutsk op harren provinsje. Dat docht bliken út ûndersyk. Mar hoe identifisearje Friezen har mei de provinsje? En foaral: hoe sit it by de jongerein? Auke Jan Zoodsma (17 jier) fan De Himrik is behearder fan it populêrste meme-akkount fan Fryske grûn. Dat akkount is aktyf op Instagram en hat goed 5.000 folgers. De jongeren identifisearje harren op social media foaral mei pompeblêden, de taal en fansels: bearenburch.
© Fryslân Memelân
Wêr bisto krekt mei dwaande?
"Ik meitsje memes, foaral oer Fryslân, en dy geane oer allerhande saken, lykas bearenburch en drûge woarst."
Wat is in meme?
"It is eins in grap mei in ferhaal efter de grap. Dat ferhaal kinst sels meitsje, mei in eigen twist. Ik jou meastentiids in eigen twist oan de grappen."
Do bist mei dyn meme-akkount aktyf op Instagram, hoe bisto op it idee kaam?
"Mei in groep kammeraten kaam ik der efter dat Omrop Fryslân ek memes makke. Doe hawwe wy dy yn in skoallepauze ris besjoen en der hiel hurd om lake. Doe fûnen wy it wol leuk om sels ek wat te begjinnen. It like my hiel orizjineel, om't allinnich Omrop Fryslân dat soarte memes makke."
Wêr bisto no it meast grutsk op as Fries?
"Fryslân docht gewoan in hiel soad. Yn stêden lykas Ljouwert fernimst it minder, mar bûten de stêd fernimst dat eltsenien hiel oars tsjin elkoar is en dat fyn ik it moaist."
Bisto no lykas Auke Jan en 5.000 oare Friezen sljocht op Fryske memes? Fia dizze link kinsto ek genietsje fan al it moais op it gebiet fan Fryske memerij: