Bedriuwen stypje nasjonaal park De Alde Feanen

It Nasjonaal Park De Alde Feanen krijt tenei stipe fan in hiele rigele bedriuwen. Sûnt 2013 krije de nasjonale parken gjin finansjele stipe mear fan it Ryk en dus binne de oerienkomsten mei de bedriuwen hurd nedich.
Alde Feanen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Sa'n sân, acht bedriuwen stypje ús no", fertelt John Haitsma fan De Alde Feanen. "Se leverje net inkeld finansjele middelen, mar helpe ek mei har netwurk of tsjinsten. Dêrtroch kinne we ekstra projekten draaie. De organisaasje kin wol draaie mei subsydzje fan de provinsje, mar dit is ekstra saneamd 'ontwikkeljild'."
Twa jier lyn is de Rabobank as haadsponsor begûn. "No binne der lytsere bedriuwen bykaam en wreidzje we it netwurk út. We ha de ambysje om stadich troch te bouwen. Mei it jild kin it park trochûntwikkele wurde nei de 'nije standert' fan nasjonale parken." Dat bestjut dat se net allinnich it natuergebiet ûnderhâlde, mar ek mear dogge mei partijen dy't yn de omjouwing sitte.
De bedriuwen dy't stypje, wolle graach wat betsjutte foar de omjouwing, mar it is foar harren bygelyks ek in moaie lokaasje om gearkomsten te hâlden of ynspiraasjesessys te hâlden.
"De bedriuwen krije in plakje op de webside en yn ús foldermateriaal, der komme gjin buorden yn it wetter te stean."
John Haitsma fan De Alde Feanen