Update brân timmerbedriuw yn Rottum: wenhûs ek ferlern
In timmerbedriuw yn Rottum is troch brân folslein ferlern gien. De brân ûntstie moandeitemiddei yn it dak fan in wenbuorkerij oan de Binnendyk yn Rottum. De brânwacht hope dat it wenhûs behâlden bliuwe koe, mar mei troch de hurde wyn is de brân dochs oerslein op it wenhûs.
Soad reek by grutte brân yn timmerbedriuw yn Rottum
Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht (2)
Omdat der in soad reek by de brân frij kaam waard omwenners advisearre ruten en doarren ticht te hâlden. De brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean, Tsjalbert, Ychten, Snits en De Jouwer binne ynset om de brân ûnder kontrôle te krijen. It grutwettertransport moast ynset wurde om oer in grutte ôfstân wetter by de wenbuorkerij te bringen.