Wêr binne de oprydplaten foar rolstuollen fan Friesland Beweegt?
De oprydplaten fan de stichting Friesland Beweegt binne poater. Se ha de platen nedich, sadat frijwilligers yn in rolstoel it pân binnen komme kinne. De platen lizze gewoanwei oan de Pallaswei yn Ljouwert.
Foar de frijwilligers is it pân fan Friesland Beweegt in wurkûnderfiningsplak. Nije platen kostje 500 euro. Neffens Fryslân Beweegt dekt de fersekering de skea net, omdat se bûten lizze.
Se roppe dejinge dy't de platen no hat op om dy werom te bringen.