Sosjale media sensurearje advertinsjes fan Tryater om taalgebrûk

11 mrt 2019 - 15:47

Facebook en Instagram sensurearje advertinsjes fan Tryater op de sosjale media. It giet om de nije foarstelling 'Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern, ensafuorthinne en it hâldt mar net op'.

Foto: Tryater

Tryater hat ferskate kearen besocht it stik ûnder de oandacht te bringen op de sosjale media, mar dat slagget foarearst net. De sosjale media wegerje de advertinsjes nammentlik om it wurd 'hoeren', skriuwt Tryater.

De foarstelling is in Frysktalige fariant op it stik fan de teätermakker Arne Sierens út België. It is in komeedzje, dy't it hat oer it stigmatisearjen en it feroardieljen fan inoar. De foarstelling fan Tryater giet ein maart yn premjêre yn Zalen Schaaf yn Ljouwert.

Elke Verwoerd fan Tryater oer de sensuer

(advertinsje)
(advertinsje)