Henk de Jong: "Ik fyn dat ik mear thús wêze moat foar myn frou"

11 mrt 2019 - 15:41

Oan de ein fan dit seizoen sil Henk de Jong by De Graafschap wei. "It is in ferfelend beslút om't ik it dêr echt nei myn sin ha, mar it is ek wol in maklik beslút om't it gewoan nedich is", sa lit de fuotbaltrainer witte.

Foto: ANP

"Ik fyn dat ik mear thús wêze moat foar myn frou. It is net sa dat se slim siik is. Der binne oare dingen. En dat is no belangryk."

De Jong hie ferline wike al oanjûn dat er syn twivels hie oer de ferlinging fan syn kontrakt. Yn ferbân mei privee-omstannichheden kaam er ta dit beslút.

Der binne oare dingen. En dat is no belangryk.

Trainer Henk de Jong

De Jong hopet gau wer oan it wurk te kommen, mar dan by in klup dy't tichter by hûs yn Drachten is. Dat kin in profklup wêze, mar ek wol in amateurklup. "En oars kin ik miskien wol by myn broer wurkje by it Bewegingscentrum yn Drachten", sa lit er witte.

SC Cambuur?

Ferhúzje nei Doetinchem wie gjin opsje mei twa studearjende bern en twa jongere bern. Weromgean nei SC Cambuur is ek net oan de oarder neffens De Jong: "Sy hawwe no in bêste trainer en as se syn kontrakt ferlingje wolle, moatte sy dat dwaan."

De trainer sil dit seizoen wol ôfmeitsje: "Wy moatte deryn bliuwe en dêr sille wy alles oan dwaan. Dus de skouders derûnder."

Hoe't it dêrnei komt, wurdt fansels dúdlik. "Wy wachtsje ôf", seit De Jong.

Henk de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)