Berging konteners no mei ien bergingsskip minder

11 mrt 2019 - 15:30

De Geosund, ien fan de skippen dy't ynset is foar it bergjen fan de konteners fan de MSC Zoe, is net langer belutsen by dizze operaasje. It skip is troch it belutsen bergingsbedriuw op in oare klus set. Dat lit wurdfierder Edwin de Feijter fan Rykswettersteat witte.

De Geosund hjir noch oan it wurk boppe Skylge - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Neffens De Feijter binne de gefolgen foar de bergingsoperaasje lyts: "Wij hebben de berger gezegd dat hij zich tot het uiterste moet inspannen. Maar als het een paar weken langer duurt, maakt dat ook niet uit. Een score van honderd procent is sowieso niet haalbaar."

Twa grutten en ien lytse

By de bergingsoperaasje wiene yn earste oanset twa grutte bergingsskippen belutsen; de Geosund en de Atlantic Tonjer. Dêrnêst waard noch in lytser skip ynset; de Forth Jouster.

Fierder binne der skippen ynset dy't mei spesjaal ark op de seeboaiem nei konteners en lading speurden. In fiskersskip moat derfoar soargje dat der gjin losse parten fan de lading fuortdriuwe by it bergen.

Op dit stuit sil der nei ferwachting net in hiel soad guod boppe wetter helle wurde troch de hurde wyn.

De Atlantic Tonjer dy't noch wol ynset wurdt foar de bergingsklus - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)