Frachtwein ferliest lading op A7, dyk diels ticht

11 mrt 2019 - 15:11

De A7 tusken Makkum en Boalsert is ôfsletten. In frachtwein hat in lading feefoer ferlern en dat leit no oer de hiele dyk hinne. Rykswettersteat makket de dyk skjin.

Foto: Jaring Rispens

It ferkear wurdt omlaat oer de Alde Rykswei, parallel oan de A7. Rykswettersteat skat dat de dyk oant likernôch 20.00 oere ticht is.

Feefoer ynriden

It ûngelok barde om likernôch 10.30 oere al. Doe wie de dyk earst diels ticht, mar om't it feefoer al ynriden wie troch it ferkear, wie it dreech om it wer skjin te meitsjen. Dêrom is de dyk no langer ticht.

Trefwurden: 
Boalsert A7 Makkum
(advertinsje)