Auto yn it wetter by Harns

11 mrt 2019 - 15:08

Yn Harns is moandeitemiddei in auto te wetter rekke. It ûngelok barde op de krusing fan de Achlumerdyk en Kimswerderwei. De auto is nei alle gedachten fan it parkearterrein fan de húsdokter ôf it wetter yn riden.

Foto: Jaring Rispens

De helptsjinsten binne massaal oproppen. Ek waard de traumahelikopter oproppen, mar dy koe ôfsein wurde. In plysjeman hat de bestjoerster út de auto helle. De frou is troch it ambulânsepersoniel behannele. Hoe't de auto yn it wetter ride koe is net bekend.

Trefwurden: 
Harns ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)