Earste ljipaai gemeente Ljouwert leit by Jirnsum

11 mrt 2019 - 14:39

It earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert is moandei fûn. Ewout Schröder út Jirnsum trof it aai flakby syn wenplak oan.

Foto: Bûn Fryske Fûgelwachten

Earder op moandei waard ek al it earste ljipaai fan it jier yn de gemeente Hearrenfean fûn.

Noch fiif gemeenten

Der binne no noch fiif Fryske gemeenten dêr't it earste ljipaai fan it jier noch net fûn is. Dat binne Achtkarspelen, Eaststellingwerf, Harns, Skiermûntseach en Skylge. Op Flylân is it aaisykjen ferbean.

Op dizze plakken binne de aaien al fûn - Foto: Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)