FNP-ferkiezingsbuorden poater yn gemeente Waadhoeke en Ljouwert

Yn de gemeente Waadhoeke en Ljouwert binne ferkiezingsbuorden fan de FNP fuorthelle. De partij hat dêrom in oprop dien om de buorden stean te litten. It is net bekend wa't de buorden fuorthelle hat.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Yn de gemeente Ljouwert binne al seis buorden ferdwûn. Benammen Stiens moast it belije: dêr binne al fjouwer buorden fuort. De FNP fynt it tige spitich en ek ûnnedich. "Wy witte dat se hiel moai binne, yn 2018 hat dizze poster ek in lanlike priis wûn, mar bliuw fan in oar syn guod ôf", seit riedslid Jan Willem Tuininga út Stiens. "En as jo graach ien ha wolle, belje dan efkes en wy bringe sa'n boerd by jo thús."
Yn de gemeente Waadhoeke wiene noch mear buorden fuorthelle as yn Ljouwert. Yn Menaam wiene de buorden al nei in oere fuort. Riedslid Sijbe Knol: "Sa gau hiene wie it noch net earder meimakke. De buorden hongen ek moai heech. Wy begripe net hoe't se dy derôf krigen ha."
Se sille de buorden wol moai fine, dus wy hâlde it mar posityf.
Sijbe Knol fan de FNP
Yn de gemeente Waadhoeke binne no yn elts gefal al tsien buorden fuorthelle, mar de FNP wol net de slachtofferrol oannimme. "Se sille de buorden wol moai fine, dus wy hâlde it mar posityf."

In pear jier ferlyn wiene ek ris FNP-buorden weirekke. Knol: "Doe hiene wy buorden mei de tekst 'Ik hâld fan Jelsum' as 'Ik hâld fan Alde Leie'. En nei in jier kamen wy der efter dat dy yn de jeugdhonken bedarre wiene. As sy de buorden ha wolle, kinne se dy krije, mar lit se wol op de dyk hingje en nim se net sa mei. No ha wy wurk fan it wurk en wy ha ek al net it moaiste waar op it stuit."
De buorden wurde werompleatst.
Jan Willem Tuininga en Sijbe Knol