Trainer Henk de Jong giet by De Graafschap wei

11 mrt 2019 - 13:15

Henk de Jong sil oan de ein fan dit seizoen by De Graafschap yn Doetinchem wei. Dat hat de Drachtster oefenmaster de direksje, de spilers, stêf en personiel fan de fuotbalklup moandei witte litten. De Graafschap en De Jong wienen yn ûnderhanneling oer in nij kontrakt, mar ferline wike hie De Jong al oanjûn dat hy fanwege privee-omstannichheden syn twivels hie oer kontraktferlinging.

Foto: ANP

"Ik heb deze beslissing met pijn in mijn hart genomen, maar het voelt op dit moment wel als de beste oplossing", seit De Jong op de webside fan De Graafschap. "Ik wil gewoon meer bij mijn gezin zijn. Een verhuizing is gezien mijn gezinssituatie ook geen optie. Dan moet je eerlijk zijn en zeggen: 'we hebben al die jaren geweldig samengewerkt, maar aan het einde van het seizoen stopt het'. Ik ga er nu alles aan doen om deze geweldige club in de Eredivisie te houden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)