Stroetinga en Huizenga nei OS

02 jul 2012 - 11:54

Wim Stroetinga en Jenning Huizenga komme yn aksje op de Olympyske Spelen. Op freed 3 augustus ride de beide Friezen mei Tim Veldt en Levi Heimans de ploege-achterfolging op de baan fan it Velodrome yn Londen. Stroetinga en Huizenga ha har dit seizoen oant no ta sjen litten op de dyk. Beide hurdfytsers wûnen in etappe yn Olympia's Tour. Snein wûn Wim Stroetinga noch de Grutte Priis Lichtenvoorde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)