Mear Fryske gemeenten ferbiede oplitten fan ballonnen

It tal gemeenten yn Fryslân mei in ferbod foar it oplitten fan ballonnen is flink tanaam. Dat seit de Stichting Noordzee. Lanlik sjoen is in ferbod op it oplitten fan ballonnen yn ien jier tiid mei 12 persint tanaam. Stichting Noordzee wol in ferbod om't neffens har it plestik min is foar bisten en it miljeu.
© Pexels.com
Fisken en fûgels sjogge de ballonnen oan foar iten. Dêrtroch kinne se tangele reitsje yn de ballonlinten. By ynspeksjes op de strannen wurde yn trochsneed sa'n tolve parten fan ballonnen fûn op 100 meter strân.
It Amelân hie yn 2018 al in ferbod op it omheech gean litten fan ballonnen. Sûnt it begjin fan 2019 is der ek in ferbod fan krêft op Flylân, Skylge en Skiermûntseach. Op it fêste lân is datselde it gefal yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en It Hearrenfean.

Untmoedigingsbelied

Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Noardeast-Fryslân hawwe in ûntmoedigingsbelied.
Seis gemeenten yn Fryslân ha gjin belied oer ballonnen. Dat binne Harns, Waadhoeke, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel en Weststellingwerf.
Neffens de stichting binne benammen de kustgemeenten en de Waadeilannen ta in ferbod oergien. Yn Fryslân en Noard-Hollân hawwe fjouwer op de tsien gemeenten in ferbod ynsteld. Yn Limboarch hat mar ien fan de 31 gemeenten in ferbod ôfkundige.