Underwiis begjint aksjewike; freed is manifestaasje yn Den Haag

11 mrt 2019 - 12:28

De aksjewike yn it ûnderwiis begjint dizze moandei. Skoallen freegje om mear jild foar it ûnderwiis. Neffens de fakbûnen is fjouwer miljard nedich. Se sizze dat de kwaliteit fan it ûnderwiis ûnder druk stiet. Oarsaak dêrfan is de hege wurkdruk, in te leech salaris en it leararetekoart, sizze de fakbûnen.

Manifestaasjedei

Freed is de grutte manifestaasjedei yn Den Haag. Dan lizze in soad leararen it wurk del. Neffens de provinsjale konsulint fan de Algemene Onderwijsbond giet dan de helte fan de basisskoallen yn Fryslân ticht.

Staking libbet wol

"De staking libbet hjir wol op Comenius, lokaasje Mariënburg, yn Ljouwert" seit Miljenko Braam. Hy is dosint dêr en lid fan de Algemene Onderwijsbond. "In foarbyld fan de wurkdruk is dat ik no skoft ha, mar ek noch even in learling wat útlizze moat. Dus ite moat tuskentroch."

Neffens him binne freed de measte iepenbiere basisskoallen ticht fanwege de staking. "Net alle bysûndere, kristlike, skoallen, want it CNV stipet de aksje net. Se wolle earst noch ûnderhannelje mei de minister. Dat is spitich dat we net ien front foarmje."

Op it fuortset ûnderwiis en mbo en hbo is de aksjereewiilligens minder grut. "In soad kollega's wachtsje ôf, oaren sizze dat se it mei in dei minder wurkjen wol rêde. Wer oaren fine in staking net in goed middel om har soargen te uterjen, mar der moat wol wat gebeure."

Braam fynt it in prachtich fak, "mar ik doar op in jierdei net mear te sizzen dat ik yn it ûnderwiis sit. No noch, sizze se dan. Doch ris wat leuks mei dyn libben."

Miljenko Braam oer de staking

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens lokaasjedirekteur Wim Bok libbet de staking just net sa ûnder de dosinten op CSG Comenius Mariënburg. "Ik moet zeggen dat het mij tegenvalt. De intensiteit zou groter kunnen, maar daar heb ik verder persoonlijk geen mening over."

Bok erkent de problemen dy't der binne: "Op de middellange en lange termijn moet er echt iets gebeuren. We willen onderwijs ontwikkelen waarbij docenten meer ruimte krijgen om de lessen op een gepersonaliseerde manier vorm te geven, en daar is meer geld voor nodig."

Op de langere termyn kin it lestich wurde om goeie dosinten te finen. De wurkdruk is frij heech en de ôfspraken fan de nije cao binne noch gjin oplossing fan it probleem.

Needroaster

Comenius Mariënburg bliuwt iepen, mar der komt wol in needroaster. Bok: "We willen iedereen in de gelegenheid stellen om aan de staking deel te nemen."

Op Comenius Mariënburg hawwe sa'n achttjin leraren harren oanmeld foar de staking. Dat is mar sa'n fyftjin prosint fan it totaal oantal dosinten. Bok: "Misschien is het een kenmerk van de noorderlingen, dat ze het werk en de leerlingen voorrang geven, maar dat is gissen. Ook niet elke vakbond staat achter deze stakingsdag."

Direkteur Wim Bok

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Basisskoalle

Op ferskate skoallen yn Fryslân steane de dosinten stil by de aksje. Sa is moandeitemiddei op de iepenbiere basisskoalle De Oanrin yn Bakkefean in lawaai-aksje.

Middelbere skoalle

De middelbere skoallen bliuwe allegear iepen, al sil 20 persint fan de leararen stake en dus gjin lesjaan.

Beropsûnderwiis

Yn it mbo en hbo is de aksjereewilligens folle leger, noch net tsien persint fan it personiel leit it wurk del. Guon fine it noch te betiid om te staken, oaren jouwe oan tefreden te wêzen mei it salaris.

Trefwurden: 
ûnderwiis staking wurkdruk
(advertinsje)
(advertinsje)