Fryske film wiist op gefaren fan sosjale media-ferslaving
Kilian Harkema hat in film makke oer ferslaving oan sosjale media. Mei de sci-fi/thriller 'Connection Down' wolle de makkers minsken bewust meitsje fan de gefaren fan sa'n ferslaving. De film giet tongersdei by NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert yn premjêre.
Kilian Harkema hat yn novimber in crowdfunding-aksje opset om genôch jild yn te sammeljen. Dêrmei koe de film yn jannewaris makke wurde.
De film duorret acht minuten en is opnommen yn Súdwest-Fryslân. De film is oanmeld by mear as fjirtich filmfestivals oer de hiele wrâld.