Kweker Hartman op rantsje fan fallisemint

11 mrt 2019 - 12:01

"Als Hartman geen twee weken de tijd krijgt, gaat het bedrijf failliet." Dat sei advokaat Liauw-A-Joe fan it glêstúnboubedriuw út Seisbierrum. Moandei tsjinne it koart pleit dat it bedriuw NH Paprika oanspande tsjin Hartman. It bedriuw út Heerhugowaard seit noch in 446.000 euro krije te moatten fan Hartman.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

By Hartman is jierrenlang swarthannel bedreaun foar de oername troch de Food Farm Group út België yn 2017, seit de akvokaat fan Hartman. Benammen om dy reden hat it bedriuw grutte jildpine.

Akút yn gefaar

Ferslachjouwer Onno Falkena is oanwêzich yn de rjochtseal en leit út hoe't de situaasje is. "NH Paprika en Hartman hâlde inoar yn in 'houdgreep'. De advokaat fan Hartman seit dat it bedriuw yn oerlis is mei de Rabobank en oer twa wiken it jild beskikber hat. As de rjochter lykwols beslút dat Hartman fuortendaliks betelje moat, dan komt it bedriuw akút yn gefaar." Yn dat gefal soe NH Paprika de foardering yntsjinje moatte by de kurator.

Direksje net oanwêzich

Opfallend is dat der op de sitting sels gjin ien fan de direksje fan Hartman yn de rjochtseal oanwêzich is. Neffens de advokaat komt dat omdat direksje en bestjoer yn België oan it oerlizzen binne oer de betingsten fan in nij kredyt fan de Rabobank foar it bedriuw.

'Kwalijke zaak'

"Hartman moet de eigen problemen niet bij NH Paprika op het bordje leggen", seit advokaat Glijnis fan NH Paprika. "Wij zijn maandenlang aan het lijntje gehouden. Het akkoord is tegengehouden in België." NH Paprika fynt it 'kwalijk' dat Hartman net op de sitting oanwêzich is. By NH Paprika wurkje tritich minsken. It bedriuw wurket eksklusyf foar Hartman en is sadwaande finansjeel folslein ôfhinklik fan it bedriuw út Seisbierrum.

Freed de útspraak

NH Paprika frege de rjochter om fuortendaliks te fonnisjes, de advokate fan Hartman frege om twa wike útstel. By oerlis tusken de partijen op de gong waard ôfpraat om it fonnis út te stellen oant no freed. De partijen waarden it fierder ek iens oer de hichte fan de foardering: 446.000 euro.

Onno Falkena oer it koart pleit tsjin Hartman

Op omfallen

Hartman hat noch mear skuldeaskers. Ferline wike die al bliken dat Hartman finansjeel op omfallen stiet. Doe easke Mathilda Hartman-Van Ingen, ien fan de kommissarissen fan Hartman, har jierlikse fergoeding fan 120.000 euro. Wurdfierder Dick Braakhekke lit wite dat direksje en bestjoer fan Hartman hurd oan it wurk binne om mei alle partijen ta in ridlike oplossing te kommen. Salang dêr oan wurke wurdt ûnthâldt de direksje fan Hartman him fan elts kommintaar.

Folgje it Twitter-ferslach

Ferslachjouwer Onno Falkena wie oanwêzich yn de rjochtseal. Lês hjir syn Twitter-ferslach oer it koart pleit werom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)