Unrêst oer ôfsletten fytspaad

02 jul 2012 - 11:49

In fytspaad yn de Blauwe Bosk, tusken Haulerwyk/Waskemar en De Haule is ôfsletten. Op buorden stiet fermeld dat it fytspaad fan 2 july oant 1 oktober ticht is. De ChristenUnie yn de ried fan Eaststellingwerf fynt it in kwealike saak dat de Bosk yn it heechseizoen moannenlang net tagonklik is. It paad is sletten om't fan it skulpepaad in betonpaad makke wurdt.

Op De Haule en yn Haulerwyk begripe de minsken net wêrom't it fytspaad tusken beide plakken krekt dizze simmermoannen ticht moat.

It is net allinnich de koartste, mar ek de meast gaadlike rûte om't it troch de Blauwe Bosk rint. Ek in soad rekreanten meitsje der gebrûk fan. De gemeente Eaststellingwerf lit witte dat it paad foar ein septimber klear wêze moat. Oars rinne se in wichtige subsydzje mis. De gemeente sjocht nochris oft it flugger kin of dat der noch oare mooglikheden binne om minsken it fytspaad brûke te litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)