Sietze Schukking: "Wy wolle Fryslân yn 2030 klimaatneutraal hawwe"

11 mrt 2019 - 11:30

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Moandei is Sietze Schukking, listlûker fan Natuurlijk Fryslân, oan bar.

Sietze Schukking - Foto: Natuurlijk Friesland

Namme: Sietze Schukking

Leeftiid: 55

Wenplak: Jirnsum

Berop: ûndernimmer

Hobby: hobbyboer en natoerbehearder

Partij: Natuurlijk Fryslân

Lid sûnt: wy binne in nije partij sûnt july 2018

Besjoch it partijprogramma fan de Natuurlijk Fryslân

Sietze, sizze wy do of jo?

"Do."

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

"Om't ik graach wol dat wy de problemen yn Fryslân no echt oanpakke sille. En dat kin ek, mar der is wol politike motivaasje nedich om de nedige karren te meitsjen. Myn ûnderfining en eftergrûn jouwe my de mooglikheid om dy karren te meitsjen en ek út te fieren."

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Jan Terlouw. Hy is op syk nei in oplossing basis fan it tegearre oplossen op basis fan in kombinaasje fan feiten en begrutsjen."

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

"Echte enerzjy- en lânboutransysje trochfiere."

Ik wol dat wy de problemen yn Fryslân no echt oanpakke sille.

Sietze Schukking fan Natuurlijk Fryslân

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

"Nee."

Hoe wol dyn partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?

"Wy jouwe de ynwenners fan de doarpen en wiken fan Fryslân mooglikheden om tegearre de problemen fan dizze tiid echt oan te pakken. De 'Doarpen oan it Roer'. De grutte transysjes fan dizze tiid kinne allinnich sukesfol útfierd wurde troch bewenners sels op in organisatoarysk minsklike skaal."

Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De wereld draait door' geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

"Moai om laitsje."

Wy jouwe de ynwenners fan de doarpen en wiken fan Fryslân mooglikheden om tegearre de problemen fan dizze tiid echt oan te pakken.

Sietze Schukking fan Natuurlijk Fryslân

Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?

"Ik bin net sa stikem."

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?

"Oranjekoeke."

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

"Klimaatferoaring is in eksistinsjele bedriging foar Fryslân. Wy hawwe in konkreet plan om Fryslân yn 2030 klimaatneutraal te meitsjen. It ferlies fan bioferskaat is in eksistinsjele bedriging foar de wrâld. Wy hawwe in konkreet plan om de Fryske lânbou foar 2030 natuerlik, fossylfrij, mear bioferskaat, ekstinsyf en rjochte op de konsumint te krijen. Wy ynvestearje 20 miljard euro yn de takomst fan Fryslân."

Listlûker Sietze Schukking

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)