Afgaanske asylsiker feroardiele foar ferfalskjen fan papieren

In 46-jierrige asylsiker út Afganistan is troch de rjochtbank yn Assen feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren foar it ferfalskjen fan papieren fan de Protestantse tsjerke yn Britsum. De man sei lid te wêzen fan de tsjerke, mar dat is net it gefal.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man is mei syn fyfde asylproseduere dwaande en stjoerde yn 2017 oant twa kear ta in brief fan de Protestantse tsjerke yn Britsum nei de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND). Yn it brief stie dat hy lid fan de tsjerke wie en de tsjerketsjinsten regelmjittich besocht.
De IND sette fraachtekens by it brief. De Afgaan hie earder papieren ferfalske. Trije tsjûgen, werûnder de dumny, ferklearren dat se de man net kenne en dat it brief in ferfalsking is. It is net dúdlik wat de feroardieling betsjut foar de asylproseduere fan de man.