Drachtster museum moat op syk nei nije direkteur: Martina giet fuort

11 mrt 2019 - 10:59

Paulo Martina giet mei yngong fan 1 maaie fuort as direkteur by Museum Drachten. Hy hat dêr goed njoggen jier wurke. Hy wurdt direkteur fan Museum van Bommel van Dam yn Venlo.

Foto: Museum Drachten

Yn de ôfrûne jierren is Museum Dr8888 ûnder syn lieding útgroeid fan in Frysk streekmuseum nei in nasjonaal museum foar moderne keunst mei in ynternasjonaal berik. Yn 2009 kamen der 9.000 besikers en yn 2017 en 21018 wienen dat goed 30.000 besikers.

Hy hat Drachten, Dada en De Stijl-beweging op de kaart set en stie oan widze fan it Van Doesburg-Rinsemahuis. De útstallingen oer Dada en De Stijl krigen lanlik en ynternasjonaal in soad wurdearring.

De ried fan tafersjoch sil in sollisitaasjeproseduere begjinne om in nije direkteur te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)