Earste ljipaaien Súdwest-Fryslân en Hearrenfean ek fûn

11 mrt 2019 - 10:56

De earste ljipaaien yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en Hearrenfean binne fûn. Der binne no noch seis Fryske gemeenten dêr't it earste ljipaai fan it jier noch net fûn is.

De bruorren Gerben en Tseard de Hoop út Heech troffen sneontemiddei by Aldegea it earste ljipaai fan Súdwest-Fryslân oan. Sy wurde moandeitemiddei huldige troch boargemaster Jannewietske de Vries. Dêrby krije se tsien euro en in sertifikaat.

Hennie van der Heide út Aldhoarne fûn moandeitemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Hearrenfean flakby Oranjewâld. It is foar Van der Heide al de fyfde kear dat er it earste ljipaai yn de gemeente Hearrenfean fynt.

Noch seis gemeenten

De seis gemeenten dêr't it earste ljipaai noch net fûn is, binne Achtkarspelen, Eaststellingwerf, Harns, Ljouwert, Skiermûntseach en Skylge. Op Flylân is it aaisykjen ferbean.

Op dizze plakken binne de aaien al fûn - Foto: Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)