Sinnepanielen dochs mooglik troch eigen enerzjykoöperaasje Langwar

Bewenners fan it beskerme doarpsgesicht fan Langwar kinne fia in eigen enerzjykoöperaasje dochs oan sinnestroom komme. Yn it histoaryske sintrum fan it doarp sels meie gjin sinnepanielen oanlein wurde. Mar fia de koöperaasje Sinnich Langwar wurde op twa gebouwen sinnepanielen dellein, dêr't it hiele doarp elektrisiteit fan krije kin.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ien dak leit al fol mei mear as 200 panielen, oan it twadde dak wurdt noch wurke. It idee foar sinnepanielen komt út it doarp sels. Dielnimmers keapje de panielen foar 15 jier en betelje jierliks in lyts bedrach foar de fersekering en it ûnderhâld. Wa't tuskentiids ferhûzet, ferkeapet de panielen werom oan de koöperaasje. Dy betellet gjin hier foar it dak dêr't de panielen op lizze, mar de eigener fan it dak wurdt nei 15 jier eigener fan de sinnepanielen.
Ik vind dat je best wat voor de gemeenschap mag doen als het in je vermogen ligt.
Inisjatyfnimster Thea Frenk

Boargerinisjatyf

Ien fan de inisjatyfnimmers is Thea Frenk. "Tijdens een bijeenkomst over zonne-energie twee jaar geleden werd ik geïnspireerd. Die expert vertelde dat zonnepanelen mogelijk zijn in een historisch gebied, wanneer je een eigen energiecoöperatie begint." Frenk wie fuortendaliks entûsjast. "We zullen toch met z'n allen wat aan het milieu moeten doen. Ik vind dat je best wat voor de gemeenschap mag doen als het in je vermogen ligt."

Fuotten yn ierde

Der kaam lykwols noch hiel wat sjen by it opstarten fan in eigen enerzjykoöperaasje. Frenk: "We hebben financiele steun gekregen van verschillende stichtingen in het dorp. Daarna moesten we op zoek naar daken, die gekeurd moesten worden en asbest-vrij gemaakt worden. Ook de verzekeraar keek kritisch mee. We hebben de daken waar de panelen liggen, verzekerd. Ontstaat er brand, dan dekt onze verzekering de schade."
Inisjatyfnimster Thea Frenk
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Ik brûk de panielen sels ek folop.
Dhr. Kelderhuis hat sinnepanielen op it dak
Famylje Kelderhuis is ien fan de famyljes dy't sinnepanielen op it dak krigen hat. "Se kamen te freegjen om in dak, mar ik hie der earst net sa folle sin yn", fertelt de hear Kelderhuis. "Mar úteinlik ha ik dochs mar tasein dat it hjir mocht. Ik ha in moai nij dak krigen, asbestfrij mei sinnepanielen dy't ik sels ek brûk."
Bauke sjocht by de famylje Kelderhuis