Kollum: "That's life"

11 mrt 2019 - 08:35

"Ofrûne wike seach ik it filmke fan kollega Lennie, dy't in dei meirûn mei Rinie van der Zanden, listlûker fan de Steatefraksje fan de Partij voor de Dieren. Lennie trof har by in slachterij, dêr't op dat stuit in frachtwein fol mei kealtsjes oankaam, klear om slachte te wurden. Sneue bylden, dat moat ik tajaan. Mar oan de oare kant. That's life.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Doe't wy lyts wienen, krige myn broer in geit op 'e jierdei. Ik wie fuortendaliks fereale op it grappige bist, dat wy allerhanne trúkjes learden. Wy, dat wiene myn suske en ik. Myn broer seach de geit mear as ynvestearring. Doe't de geit âld genôch wie, brocht er har by de bok. Dat wie in hiel och heden, wit ik noch. Ik hie noch nea sjoen hoe't soks der yn syn wurk om en ta gong. Myn earste biologyles, sil 'k mar sizze.

Dat de bok it keunstje al wol koe, die bliken doe't der yn de maitiid twa skattige lytse bokjes berne waarden. Op 'e nij hiene myn suske en ik it der smoardrok mei om ek dizze eigenwize bokjes te trainen. Wy hiene in simmerlang de grutste wille. Oant der op in dei in grutte swarte Mercedes it hiem opriden kaam. Der stapte in wat ferfomfraaid keareltsje út en myn broer wist net hoe gau er der hinne moast.

Wat wie it gefal: dit wie de feekeapman, dy't ús beide bokjes ophelje soe. Lilk, myn suske en ik. Wylst myn broer it jild yn 'e bûse stoppe, stiene wy de bokjes te aaien mei dikke triennen yn 'e eagen. "Ik bring se nei it bokkeparkje", liigde de feekeapman, dy't 'm mei de hiele situaasje ek gjin rie wist. Mar myn suske en ik wisten wol better. De bokjes gongen nei de slachter.

In dei ha ik poerrazend op myn broer west. Hoe koe er ús leave bokjes no ferkeapje oan de slachter? En dochs, as ik der no oer neitink, hat it in goede libbensles west. Wy ûntdutsen al jong datst net alle bisten hâlde kinst. Dan hienen ús heit en mem no in lân fol mei stjonkende bokken hân. En boeren in hok fol bollen. Dat kin net.

Fansels, wy kinne as konsuminten wol mear neitinke oer hoe't wy omgean mei ús iten. Moatte wy bygelyks alle dagen in stik fleis op it board ha? Of kinne wy wol mei wat minder ta? Mar tagelyk moatte wy realistysk wêze oer hoe't it libben is. Allinnich yn Yndia hast as ko in libben as in lûs op in seare holle. Alteast, dat tocht ik.

Ferline wike lies ik in stik oer kij yn Yndia. Om't de bisten dêr hillich binne, meie boeren se net nei de slachter bringe. It gefolch is dat in boer yn Yndia op syn kij passe moat oant se stjerre. En dat wylst de bisten al lang gjin molke mear jouwe. Finansjeel sjoen is dat ûnmooglik, dus wurde de âlde kij frij litten en moat se sels mar sjen hoe't se oan iten komme. Fermeagere stjerre se úteinlik in hongerdea.

Sneu foar dy kij, mar wa't syn ko al nei de yllegale slachter bringt, rint it risiko om sels ek ôfslachte te wurden. Neffens Human Rights Watch binne der de ôfrûne jierren yn Yndia 44 minsken fermoarde fanwege it yllegaal slachtsjen fan kij. Boeren wurde dêr útmoarde troch fanatike Hindoes.

De bisten hillich ferklearje is mei oare wurden ek gjin oplossing. Miskien hie myn broer it noch wol it allerbeste besjoen. Hy joech syn bokjes in prachtich libben, oant de feekeapman kaam. As wy dat no ris allegear dwaan soene."

(Advertinsje)
(Advertinsje)