Binnenfeartskip op Iselmar yn 'e problemen

11 mrt 2019 - 07:25

De KNRM-stasjons fan De Lemmer en Urk binne yn de nacht fan snein op moandei alarmearre foar it binnenfeartskip Bonito, dat op 'e Iselmar yn de problemen rekke. De iepen laadromte fan it skip kaam fol wetter te stean en it skip begûn te sinken.

De kapitein hat it skip úteinlik mei opsetsin mei de kop tsjin de Noarderdyk by Creil fêstrinne litten, sadat it skip net fierder sinke koe. Neffens de KNRM sit der mear as 300 ton wetter yn de bak. Moandei wurdt sjoen hoe't se it skip leechpompe kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)