Noed oer skoalswimmen

Aksjegroep Komitee De Frosk wol gau dúdlikheid oer it skoalswimmen yn Dantumadiel. Se ha in brief skreaun nei de gemeente dy't besunigje wol op it skoalswimmen. De aksjegroep hat in tuskenoplossing betocht om it skoalswimmen goedkeaper te krijen. Sa soene bern minder faak in langer skoft swimme kinne. Der soene ek minder badmasters ynset wurde kinne.
De gemeente hat noch net reagearre op dat útstel. It komitee is benaud dat it skoalswimmen folslein ferdwynt.