Ofslach Wâldwei by Earnewâld ticht fanwege oanlis minyrotonde: "It past mar krékt"

11 mrt 2019 - 06:55

De ôfslach Earnewâld yn de Wâldwei is fan moandei ôf fjouwer wike ticht fanwege de oanlis fan de minyrotonde. De rotonde moat 5 april klear wêze. Sa lang moat it ferkear omride.

Sûnt de Sintrale As iepen is, nimt hiel mear ferkear op de Wâldwei de ôfslach by Earnewâld nei de Sintrale As by Garyp. It soarget foar ferkearsoerlêst op it krûspunt, dêr't sa lang ferkearsljochten delset binne. "De tydlike ferkearsljochten steane der al in jier, mar dy kinne net altyd stean bliuwe", leit Dirk Lont fan de Provinsje Fryslân út. "In lytse rotonde kin it ferkear dêr prima ferwurkje. Mar dat past mar krékt."

Foto: Provinsje Fryslân

It ferkear moat fanwege de wurksumheden fjouwer wiken lang omride. "Wy binne rap úteinset, fanwege it toeristeseizoen", fertelt Lont. Op 5 april is de rotonde klear en giet de ôfslach wer iepen.

Dirk Lont fan de provinsje Fryslân oer it wurk

(advertinsje)