Bestjoerder slim ferwûne by ferkearsplein It Hearrenfean
By in ûngelok op it ferkearsplein by It Hearrenfean is yn de nacht fan snein op moandei de bestjoerder fan in auto slim ferwûne rekke. De bestjoerder naam de ôfslach fan de A32 nei de A7, doe't de auto út de bocht fleach en yn in brede sleat neist de dyk bedarre.
Helptsjinsten ha de auto út it wetter helle en slaggen der yn it slachtoffer út de auto te krijen. By de helpferliening is ek in traumahelikopter ynsetten. De bestjoerder is mei slimme ferwûnings nei it sikehûs brocht. De dyk hat in skoftke ticht west foar ûndersyk.