Undersyk nei boaiemdelgong

02 jul 2012 - 11:27

Der is ekstra ûndersyk nedich om te sjen oft ekstra gaswinning by It Amelân gjin kwea kin. Dat fine de Waadferiening, Steatsboskbehear, It Fryske Gea, Natuermonuminten en de Fûgelbeskerming. De NAM besiket oan de hân fan in model te foarsizzen hoe fier't de boaiem sakket troch de ekstra gaswinning.

De natuerklubs wolle dat ûnôfhinklike eksperts dêr nochris nei sjogge. Der is hieltyd mear bewiis dat de boaiem fierder sakket ek nei't ophâlden is mei de gaswinning.

(advertinsje)