Friezen binne it meast grutsk op harren provinsje

Friezen fiele harren it meast ferbûn mei harren provinsje fan alle Nederlanners. Ek binne se fan alle Nederlanners it meast grutsk op harren eigen provinsje. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch I&O Research yn opdracht fan de NOS en de regionale omroppen, nei oanlieding fan de Provinsjale Steateferkiezings. Peter Kanne, meiwurker oan it ûndersyk, jout útlis.
Fryske flage © Shutterstock.com
Peter Kanne fan I&O Research
Alle omroppen hawwe op harren webside in oprop dien oan harren publyk om fia in enkête witte te litten oft se har it meast Nederlanner, Europeaan of, yn ús gefal, Fries fiele. Ek hawwe wy ús publyk frege oft se grutsk binne op harren provinsje, en wêrom dan krekt. We hawwe ek frege wat minsken minder posityf fine oan de provinsje, en wêr't minsken harren sels foar skamje.

Meast grutske folk

Friezen binne it meast grutske folk fan Nederlân, docht bliken út de enkête. As Friezen frege wurdt wêr't sy harren it meast mei ferbûn fiele, dan seit de mearderheid op it earste plak Fryslân. Peter Kanne, meiwurker fan I&O Research, leit út: "Andere provincies, zoals Noord-Holland, Zuid-Holland en Overijssel, laten een heel ander beeld zien. In Overijssel bestaat het provinciegevoel bijna niet. Daar ben je Tukker of Sallander, maar niet Overijsselnaar." Mear as de helte fan de Nederlanners fielt him op it earste plak ferbûn mei Nederlân. Yn Fryslân is it provinsjegefoel it sterkst fan alle provinsjes. Taal spilet derby in wichtige rol, lykas yn Seelân en Limboarch. Kanne: "Je ziet dat taal duidelijk een bindmiddel is in die regio's."

Sels it moaiste

Dêrby antwurdet hast trijekwart fan de Friezen dat sy ek tige grutsk op harren provinsje binne. Dit is op 'e nij it heechste persintaazje fan it lân. Ek yn Seelân, Drinte en Grinslân binne de ynwenners tige grutsk, mar dêr wurdt dit antwurd net sa faak jûn as yn Fryslân. Friezen fine, lykas Siuwen, Drinten, Limboargers en Gelderlanners, harren eigen provinsje it moaiste.
Opfallend is ek dat Friezen it meast meidien hawwe oan de enkête. Yn totaal diene der hast 25.000 minsken mei, mear as 3.700 dêrfan wiene Friezen. "In sommige provincies was het moeilijk om duizend mensen te bereiken, maar in Friesland ging het als een speer. Dat zegt ook wel iets over het Frieslandgevoel", leit Peter Kanne út.

Grutsk

Mar wêr binne Friezen dan sa grutsk op? Wy hawwe it op twa wizen frege. De earste wize wie troch it stellen fan in algemiene fraach. Alle dielnimmers, dus ek út oare provinsjes, krigen de fraach wêr't se benammen grutsk op binne.
Dielnimmers koene kieze foar antwurden as mentaliteit, natuer en bedriuwslibben. Yn Fryslân skoarden efterelkoar mentaliteit, kultuer en taal it heechst. Der is noch wol wat ferskil tusken leeftiidsgroepen dy't meidiene oan de enkête. Peter Kanne: "Wat ik zelf heel opvallend vond is dat die mentaliteit, en in Friesland dan met name de nuchterheid, jongeren meer aanspreekt dan ouderen. Ouderen noemen vaker de natuur, het landschap en het water." Dat de nochtere mentaliteit benammen ûnder de jongerein heech skoart, komt oerien mei de oare noardlike provinsjes.

Alvestêdetocht, sport en kultuer

Dêrneist waard de dielnimmers frege wêr't se dan sa grutsk op wiene. Ynwenners fan alle provinsjes krigen antwurdopsjes dy't typysk wiene foar harren provinsje. Yn Fryslân koene dielnimmers ûnder oare kieze út de Alvestêdetocht, de Kulturele Haadstêd en in oantal sportklups. Om heldere antwurden te krijen, koe eltsenien twa antwurden kieze. As dielnimmer moast dus echt in kar meitsje, sadat allinnich de saken dy't dielnimmers echt it wichtichst fine, út de enkête nei foarren komme soene. De top tsien seach der sa út:
© Omrop Fryslân

Taal

Hast seis op de tsien Friezen (59 prosint) neamt de Fryske taal dus as ien fan de twa saken dêr't se it meast grutsk op binne. Bysûnder is dat dit troch jongeren fan 18 oant 24 jier it meast neamd wurdt. Leafst 66 prosint fan de jongerein fynt it Frysk dus eat om grutsk op te wêzen.
Tagelyk binne wy net de provinsje dêr't de minsken harren eigen taal yn de mearderheid ek thús prate. Fan de Friezen seit krekt wat minder as in tredde (31 prosint) de taal of it dialekt fan de eigen regio altyd te praten mei famylje en freonen. Yn Limboarch is dat persintaazje folle grutter; 45 prosint fan de Limboargers praat yn de priveesfear altyd Limboarchsk.
De leafde foar de eigen taal is tagelyk net hielendal ûndûbelsinnich. De Fryske taal is ek faak reden foar skamte, en dan benammen de hâlding dy't by guon provinsjegenoaten bestiet oer de taal. Sa lizze dielnimmers harren skamte út troch te sizzen dat se it ferfelend fine dat Friezen derfan útgean dat jo Frysk prate. Ek 'Diepfriezen' dy't wegerje Nederlânsk te praten, binne reden ta argewaasje.

De grutste Fries

Op de fraach wa't de wichtichste Fries is, mochten dielnimmers sels in antwurd ynfolje. Mei ôfstân wie de winner op dizze fraach Grutte Pier. Fierder binne it hjoeddeiske Friezen dy't it goed dogge yn de hjoeddeiske polityk. We hawwe sjoen nei hokker persoanen yn mear as fiif prosint fan de gefallen neamd waard. Dêrmei komt Grutte Pier op it earste plak, folge troch Foppe de Haan, Abe Lenstra en Doutzen Kroes.
Friezen lykje de famyljebân ek tige wichtich te finen: in opfallend grut oantal minsken neamt syn heit en mem of pake en beppe as grutste Fries.

Skamte

As minsken harren earne foar skamje, is it faak de mentaliteit. Dat jildt net allinnich yn Fryslân, mar bygelyks ek yn Seelân. Yn Fryslân skamje minsken harren foar stivens, koppigens en bekrompenens, en bygelyks foar de blokkear-aksje op de A7 by de yntocht fan Sinteklaas.
Lykas mei de taal is de mentaliteit oan de iene kant eat om grutsk op te wêzen, en oan de oare kant reden ta skamte. Sa skriuwt in grutske dielnimmer: "De measte minsken yn myn omjouwing binne gewoan nochter en hâlde fêst oan tradysjes en saken dy't by ús provinsje hearre. De wrâld wurdt al gek genôch, dus litte wy mar normaal dwaan bliuwe."
Tagelyk is dyselde ûnfersetlikens reden foar skamte. In oare dielnimmer skriuwt op de fraach wêr't hy him foar skammet: "Neat feroarje wolle. De ûnnoazelen dy't blyn fêsthâlde oan Swarte Pyt. It stypjen fan de boeren dy't de natuer mear en mear ferniele."

Calimero-kompleks

Ek bale minsken fan it byld dat minsken fan bûten Fryslân hawwe fan ús provinsje. Goed 60 prosint fan de dielnimmers fan de enkête fynt dat Fryslân delset wurdt mei negative stereotypearring. Dit gefoel komt ek sterk nei foaren yn Grinslân, Flevolân, Drinte, Limboarch en Seelân. Der is ûnfoldwaande oandacht foar harren provinsje fan de lanlike polityk. Dat hawwe sy miskien wol in bytsje oan harren sels te tankjen, want hast de helte fan de Friezen is it iens mei de stelling: 'Yn ús provinsje binne wy te beskieden'.