Eeltsje Hettinga wijt gedicht 'It Sonken Waad' oan klimaatferoaring

10 mrt 2019 - 22:25

De klimaatferoaring hat Eeltsje Hettinga út Ljouwert al langer yn 'e besnijing. Hettinga fynt it wichtich dat ek de literatuer oandacht hat foar dit aktuele tema. "De striid tsjin it wetter is in oer-tema foar Fryslân. As de seespegel omheech giet, heart Fryslân by de earste provinsjes dy't der lest fan krije, tink der mar goed om." Hettinga wol net apokalyptysk wêze, mar fynt wol dat it tiid wurdt dat de minsken har realisearje dat it mienens is.

Eeltsje Hettinga wijt gedicht 'It Sonken Waad' oan klimaatferoaring

Eeltsje Hettinga lêst 'It sonken Waad'

Foto: Eeltsje Hettinga - tekening Christiaan Kuitwaard

Jongeren dy't net nei skoalle gean om te demonstrearjen tsjin klimaatferoaring hawwe syn sympaty en itselde jildt foar de klimaatdemonstranten yn Amsterdam fan snein. It fers is publisearre yn it Frysk en ek al oerset yn it Nederlânsk en Ingelsk. Hettinga hat it fers opdroegen oan professor Theunis Piersma fan Gaast.

De Fryske dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja, publisearre ek in fers oer de klimaatferoaring.

IT SONKEN WAAD

foar Theunis Piersma

Fannacht seach ik it sonken Waad.
Unrêst besprong de doarpen.
Toppen fan beammen lieten
bline ûnderwetterklokken hearre.

Señor De Robles stie it wetter
oan 'e lippen. Diken brieken
lyk fammefluezen. In lân waard wei
yn heger klimmende seeën.

Eilannen op drift skommelen
dronken oer Holwert hinne, rûnen
djipper ferdronkene streken yn.
Fannacht seach ik it sonken Waad.

En troch souders en tuorren dreaune,
fan alle grûnen los, de deaden
heech op 'e weagen, donker en
swart as it oersop fan de weareld.

't Is ienentweintichhûndert-
ienentweintich. By it tabernakel
fan tij en tiid tsjoent immen
himsels werom nei in lange,

hite simmer mei eilannen, tillend
boppe sânplaten dêr't kloften
fûgels Afrika, Afrika krite.
Fannacht seach ik it sonken Waad.

Eeltsje Hettinga

Foar twa jier is Eeltsje Hettinga (1955) beneamd ta earste Dichter fan Fryslân. Hy is yn 2018 begûn.

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier. Hy treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema's te fangen yn poëzij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)