Hûnderten Friezen wietreind by klimaatmars yn Amsterdam
In pear hûndert Friezen reizgen snein mei bus en trein nei Amsterdam om mei te rinnen yn de grutte klimaatmars. De Friezen foelen wol op, bygelyks troch de grutte skries fan 'Kening fan de Greide' op it Museumplein. De klimaatmars troch it sintrum fan Amsterdam luts neffens de organisaasje in lytse 40.000 dielnimmers.
Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Lutz Jacobi
Dat safolle Friezen meirûnen is neffens direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening logysk, want Fryslân heart by de provinsjes dy't as earste te meitsjen krije mei de gefolgen fan de klimaatferoaring. "It moat gewoan net waarmer wurde, want dan giet ús Waad der oan", seit Jacobi.
Ferklomme, mar mei in goed gefoel kaam Jacobi sneintejûn wer werom yn Ljouwert. "Ik haw net de yllúzje dat we de wrâld mei ien demonstraasje rêde, mar der is wol in beweging yn gong set. En as it nedich is, dan geane we moarn wer!"