Woudagemaal wurdt ûnder stoom brocht

Wetterskip Fryslân sil it Woudagemaal op De Lemmer fan tiisdei 12 maart ôf in oantal dagen ûnder stoom bringe om it oerstallige wetter ôf te fieren fan de Fryske marren en kanalen. De rêden dêrfoar is de oanhâldende rein. It ynskeakeljen fan it stoomgemaal is in previntive aksje. De wetterstân wurdt der tydlik mei ferlege.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It Woudagemaal is it grutste stoomgemaal fan de wrâld. It is hast 100 jier âld en stiet sûnt 1998 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Minsken dy't graach ris sjen wolle hoe't it ûnder stoom bringen yn syn wurk giet, binne fan tiisdei 10.00 oere ôf wolkom by it gemaal.