Wüst fjirde yn Salt Lake City mei nasjonaal rekôr op 1500 meter
Ireen Wüst hat yn de World Cup-finale yn Salt Lake City in fjirde plak behelle. De 32-jierrige reedrydster hat mei 1:50.70 in nasjonaal rekôr riden op de 1500 meter. It foarige nasjonale rekôr wie fan Marrit Leenstra. Sy ried 1.52,06 yn Calgary yn 2017.
It goud gie nei de Japanske Miho Takagi. It sulver nei de Amerikaanske Brittany Bowe.