Rappe riders trappearre

© ANP XTRA
De plysje hat moandeitemoarn betiid it rydbewiis fan in automobilist (29) út Marrum ynnaam, om't er betrape waard op te hurd riden. Hy hie op de N31 by Ljouwert 121 kilometer op de teller te stean, wylst er mar 70 mocht.
Snein is ek al it rydbewiis fan motorrider (61) út Sibrandahûs ynnaam, om't er fierste hurd ried op de rûnwei by Feanwâlden. Hy ried 140 kilometer wylst 80 tastien is.