Schulting nei wrâldtitel: "Beter? Dat kan eigenlijk niet!"

10 mrt 2019 - 19:06

Suzanne Schulting begjint stadichoan te beseffen dat se histoarje skreaun hat. De shorttrackster waard snein wrâldkampioen en dêrmei is se de earste Nederlânske frou dy't dat prestearret. Schulting sette net allinnich de allroundtitel op har namme, mar se wûn boppedat ek noch goud op de 1000 meter.

Suzanne Schulting wrâldkampioen shorttrack

Nei alle poadiumseremoanjes komt by Schulting stadichoan it besef fan wat se prestearre hat. "Het besef komt langzaam binnen. Het is wel heel bizar. De mensen die hiervoor wereldkampioen werden, daar keek je echt tegenop. Dat was echt een ding en niet zomaar wat. Nu ben ik het zelf. Dit is heel vet!"

It is foar Schulting in dreamjier wurden. Yn jannewaris waard se Europeesk kampioen en no dus wrâldkampioen. Boppedat hat se yn 2018 al in Olympyske titel pakt. En no dus de wrâldtitel. "Het is bizar!" It makket it ekstra knap, om't Schulting noch mar 21 jier is. "Ook dat nog! Dat is ook bizar! Een beter jaar kan eigenlijk bijna niet. Het enige dat mist is de EK-titel op de 1000 meter en de WK-titel op de 1500 meter. Maar dat vind ik nu even helemaal niet erg", laket de shorttrackster fan De Tynje.

Schulting skreeuwt it út nei har wrâldtitel - Foto: Orange Pictures

Dochs wie it net allegear bliidskip. Nei de beide wrâldtitels moast Schulting noch de relay ride. Nederlân like op wei nei in gouden medalje, mar ien ronde foar de ein gie Schulting ûnderút. "Ik kwam in slecht ijs terecht. Ik hap met mijn schaats in dat ijs en ik ga op mijn plaat", fertelt se.

Bûnscoach Jeroen Otter tocht dat it kaam trochdat se te bot dwaande wie mei de konkurrinsje efter har. "Ik denk wel dat dat de oorzaak kan zijn. Maar het is extra erg omdat ik het zelf veroorzaak. Je wint samen en je verliest samen, dan hoort deze shit er ook bij. Ik zei net tegen Jeroen (Otter red.): 'Wat is het soms ook een rotsport! Maar ook wel weer een hele mooie sport'. Je gaat door zo'n rollercoaster."

Daan Breeuwsma treastet Suzanne Schulting nei de relay - Foto: Orange Pictures

Schulting waard fan emoasje nei emoasje slingere. Earst dus de twa wrâldtitels en dêrnei it fertriet troch de ôflossing. "Het begon met heel veel blijheid, maar de relay was een hele grote klap. Bij de huldiging van de 1000 meter daarna, had ik daar nog steeds last van. Het is heel erg wat daar gebeurt.", doelt Schulting op de relay. "Vooral omdat ik daarvoor twee wereldtitels win. Die laatste wil ik ook winnen met die meiden. Dat is niet gelukt en dat is heel zwaar klote."

Mar al mei al is dat wat oerhearsket de bliidskip nei har wrâldtitels. De minsken yn Sofia kinne harren mar klear meitsje, want dat sil goed fierd wurde troch Schulting: "Vanavond gaan we even een lekker feestje pakken!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)