Jeroen Otter: "Deze titel is meer dan verdiend"

10 mrt 2019 - 17:25

Bûnscoach Jeroen Otter fynt de wrâldtitel fan Suzanne Schulting "meer dan verdiend." Schulting waard snein wrâldkampioen shorttrack yn Sofia. It is neffens Otter net allinnich fertsjinne, mar ek hiel bysûnder. "Als je weet dat de wereldkampioenschappen allround vanaf 1981 gereden worden en dit de eerste keer is dat we een Nederlander hebben die wereldkampioen wordt, dan is dat natuurlijk heel, heel uniek."

Jeroen Otter

"Ze is gewoon supersterk. Als je dan ook nog eens beseft dat ze de eerste afstand een penalty krijgt en daarna zo terugkomt met drie fantastische afstanden, dan is dat zo knap. Ze is echte de beste." Otter is lyrysk oer de prestaasje fan syn pupil. "Ik heb soms unieke dingen van haar gezien tijdens trainingen. Maar dat ze het dan zo laat zien tijdens een titeltoernooi, dat maakt het wel heel bijzonder."

Falpartij Schulting

Oer de fal fan Schulting by de relay foar it yngean wie Otter dúdlik. "Dit is topsport. Je rijdt op de grenzen van je mogelijkheden. Soms trek je het naar je toe en soms gaat het fout. Die dames vlogen werkelijk. Korea was de enige die dichterbij kwam. Suzanne gaat met de bel, omdat ze, denk ik achterom kijkt. Dat deed ze eigenlijk drie meter te kort. En omdat ze nog aan het draaien is, komt ze met de punt in het ijs en daar ga je."

Rianne de Vries dei 3

By Rianne de Vries oerhearsket enoarme teloarstelling nei it misrinnen fan de wrâldtitel op de relay. "Ik kin it gewoan net leauwe dat it sa is. We wiene sa goed. We hiene sa'n grut gat en dat bart dit. Dit is in hurde klap. Der binne nochal wat triennen oer myn wange rôle."

Rianne wie ferbjustere doe't se seach dat Schulting foel. "Bist gewoan ferstive. Kinst neat dwaan. We tochten it kin net misgean." De fjouwer froulju sieten dêrnei mei syn allen yn de klaaikeamer. "Der waard foaral gûld. Suus seit sorry. Dy baalt ek as in stekker. We fertsjinje it gewoan, we binne de sterkste. Dan is shorttrack echt in rotsport."

Foto: Orange Pictures
(Advertinsje)
(Advertinsje)