FOTO: Nije fearboaten Doeksen meitsje wrâldreis nei Fryslân

10 mrt 2019 - 17:00

Nei in boutrajekt fan goed 2 jier binne dizze wike de twa nije skippen fan rederij Doeksen op transport set. In wrâldreis fan de werf yn it Fjetnameeske Vung Tau nei Fryslân. Op in grut transportskip sille de boaten fia Kaap de Goede Hoop nei Fryslân ta komme.

Begjin maaie sille de nije fearboaten nei in reis fan sa'n acht wiken oankomme yn Nederlân. De katamarans, mei de nammen ms Willem de Vlamingh en ms Willem Barentsz, sille fan septimber ôf sawol nei Flylân as Skylge farre.

Doeksen sil nei de yntree fan de nije fearboaten ôfskied nimme fan reserveboat Midsland. Dit skip, boud yn 1974, sil yn de ferkeap. De oare twa fearboaten fan de rederij, Friesland en Vlieland, sille noch wol farren bliuwe op Skylge en Flylân.

Opfallende feiten oer de skippen

  • De skippen binne 70 meter lang, 17 meter breed en lizze sa'n 2,60 meter djip. Op elk skip kinne 600 passazjiers, wêrfan 500 oerdekt sitte kinne yn ien fan de salons. Der kinne 66 auto's per skip ferfierd wurde.
  • De skippen binne ferneamd nei de Flylanner en Skylger ûntdekkingsreizgers Willem de Vlamingh en Willem Barentsz.
  • Om enerzjy op te wekken ha de skippen sinnepanielen en wurdt rêstwaarmte fan de motoaren opnij brûkt.
  • Om enerzjy te besparjen, wurdt neist enerzjysunige ferljochting fart op LNG (Liquefield Natural Gas). Dizze brânstof bestiet foar in grut part út metaan. De brânstof wurdt ôfkuolle om floeiber wêze te kinnen. Dêrtroch komme der minder broeikasgassen en fijnstop frij.
  • De skippen binne makke fan aluminium en ek dat helpt in soad om brânstof te besparjen.

Wa't mear lêze wol oer de nije fearboaten kin terjochte op de weblog fan Rederij Doeksen

(advertinsje)