Ek yn Dantumadiel en Waadhoeke binne de earste ljipaaien fûn

Nettsjinsteande it minne waar, bliuwe minsken nei ljipaaien sykjen. Yn de gemeenten Dantumadiel en Waadhoeke binne sneintemiddei de earste aaien fan dy gemeente fûn.
Ljipaaien © Shutterstock.com
It earste aai fan Dantumadiel waard fûn troch Rinze van der Ploeg en syn maat Albert Bekkema, by Dokkum. Van der Ploeg en Bekkema komme beide fan Koatstertille. Tsjin trije oere middeis melde Anne Jansma fan Deinum dat hy by Blessum in ljipaai fûn hie. Tegearre mei syn broer Rindert wie er op in paad.
Dêrmei is it frije fjild fan Dantumadiel en Waadhoeke sletten. Der kin no noch yn sân gemeenten socht wurde.
Earder snein waarden ek al de earste aaien fan Smellingerlân en Noardeast-Fryslân fûn.