"Fryske ferkiezingen wurde kaapt"

"De Provinsjale Steateferkiezingen yn Fryslân wurde kaapt troch lanlinke partijen, mei lanlike tema's. En guon fan dy partijen nimme net iens de muoite om hjirhinne te kommen om te fertellen wat se eins wolle. In oanfluiting!" Dat sei Geart Benedictus snein yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Benedictus is âld-steatelid en senator foar it CDA en stie as (yn-)formateur oan de widze fan it hjoeddeistige Fryske kolleezje.
Andries Bakker (Omrop Fryslân) Houkje Rijpstra (Circulair Fryslân) en Geart Benedictus (CDA) © Omrop Fryslân, René Koster
Benedictus wynt him ek op oer de wize wêrop't de Earste Keamer fiersten te polityk makke wurdt. "Sa'n Jesse Klaver fan GroenLinks lûkt it folslein nei in feroaring fan politike ferhâldings yn Den Haag. Dat kin net, de Earste Keamer is gjin ferlingstik fan de Twadde", stelt Benedictus.
Geart Benedictus yn it Nijsfoarum