Fjirde plak foar Nederlânske shorttrackfroulju op de relay

10 mrt 2019 - 15:52

De Nederlânske shorttrackfroulju hawwe snein in fjirde plak behelle op de ôflossing op it WK shorttrack. De titel gie nei Súd-Koreä. De ploech mei de Friezinnen Suzanne Schulting fan en Rianne de Vries sette goed útein en like goede kâns te meitsjen op de wrâldtitel. Mar Schulting gie ûnderút, wêrtroch't it goud foar de Nederlanners net mear in opsje wie.

Rianne de Vries ûnder de 500 meter - Foto: Orange Pictures

Utslach froulju relay

1. Súd-Koreä
2. Ruslân
3. Kanada
(Advertinsje)
(Advertinsje)