Motoaren stellen en fernield

02 jul 2012 - 11:03

De plysje siket de dieders fan de stellerij fan twa motoaren by it Eurohotel yn Ljouwert. In tjsûge seach twa jonges mei de motoaren rinnen en warskôge de plysje. Dy seach de motoaren nei in syktocht troch de buert stean by in skoalle. Nei in telefoantsje mei it hotel kamen se der achter dat se fan twa Skotske gasten wienen.

Beide motoaren wiene beskeadige, ien sa bot dat er net mear starte woe.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)