Suzanne Schulting pakt wrâldtitel allround yn superfinale yn Sofia
Suzanne Schulting hat ek yn de superfinale fan it WK shorttrack yn Sofia it goud pakt. Dêrmei hat se foar it earst yn har karriêre de allroundtitel behelle op it WK shorttrack. Mei 81 punten einige se as earste.
Beharkje hjir it wedstriidkommentaar fan ferslachjouwers Andor Faber en Roelof de Vries by de superfinale
Foarôfgeand oan de superfinale stie Schulting twadde yn it klassemint, mar se passearre de Súd-Koreaanske Choi Min-jeong. It twadde plak yn de superfinale wie foar Choi. It brûns gie nei Ji-yoo Kim.
Choi pakte fiif rondes foar de ein de lieding, mar dochs krûpte Schulting far har en gie se de Koreaanske yn de slotronde foarby.
Earder snein wûn se al it goud op de 1000 meter.
Mem Hannie Schulting en freon Bas Middelkoop oer Suzanne har oerwinning
Utslach froulju
1. | Suzanne Schulting | 81 |
2. | Choi Min-jeong | 76 |
3. | Ji-yoo Kim | 37 |