Suzanne Schulting wrâldkampioen op 1000 meter yn Sofia

10 mrt 2019 - 14:32

Suzanne Schulting hat it goud pakt op de 1000 meter fan it WK yn Sofia. De shorttrackster moast it opnimme tsjin ûnder oaren de Koreaanse Choi Min-jeong en de Kanadese Kim Boutin, har grutste konkurrinten foar de wrâldtitel.

Suzanne Schulting is wrâldkampioen op de 1000 meter - Foto: Orange Pictures

Schulting begûn de finale yn earste posysje en hold dat plak de folsleine rit fêst. Healwei like de Boutin noch efkes gefaarlik tichtby te kommen, mar Schulting makke fuortendaliks mear feart.

Klassemintslieder Choi Min-jeong liet har pas yn de slotronde sjen. Dêryn passearre se Boutin, wêrtroch't se wichtige punten pakt yn de striid om de allroundtitel.

Min-jeong liedt it klassemint mei 55 punten. Schulting stiet op 47.

Harkje nei it radioferslach fan Roelof de Vries en Andor Faber én de reaksje fan de freon fan Schulting

Suzanne Schulting komt letter sneintemiddei ek noch yn aksje yn de superfinale. Dêrnei wurdt dúdlik oft se ek it klassemint op har namme skriuwe kin. Ek op it lêste ûnderdiel fan it WK, de finale fan de relay, komt Schulting noch yn aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)