HEA! De dûnstalinten fan It Hearrenfean
HEA! Talintklasse
In middei lesjaan yn dyn eigen talint. Dat dogge de masters en juffen fan basisskoalle Ekke de Haan op It Hearrenfean yn it 'Talent-projekt'. Sa kin juf Nellie Hoekstra hiel goed dûnsje. Nei it projekt wiene de bern sa entûsjast dat der út de skoalle wei 2 dûnsgroepen ûntstiene. De fammen ha sels al meidien oan de Noard-Nederlânske kampioenskippen.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.